Prijzen incl. btw
Map icon
Winkels en openingstijden
  • Boekhandel
  • Zakelijk
Wishlist icon
Cart icon
Winkelwagen

En it hie sa moai wêze kinnen

Durk Van der Ploeg
ISBN: 9789492457363
2020

  Voor 15:00 uur besteld, de volgende werkdag geleverd.

19,90(incl. BTW)
Wenslijst

Het voordeel van lokaal bestellen bij Stumpel

Gratis verzending bij bestelling vanaf € 25,-Gratis verzending bij bestelling vanaf € 25,-
Uw bestelling graag thuis bezorgd? Wij bezorgen het tot aan de deur.Uw bestelling graag thuis bezorgd? Wij bezorgen het tot aan de deur.
Meer dan 140 jaar ervaring in boeken en kantoorartikelen.Meer dan 140 jaar ervaring in boeken en kantoorartikelen.
Vraag? Bel of mail ons! Of kom langs in één van onze winkels.Vraag? Bel of mail ons! Of kom langs in één van onze winkels.

Beschrijving

?It wie in ûngemak. Se is fallen, of net goed wurden. Nee. Nee. Der barde wat. Ja, wat is der bard? Do hast it net sjoen. Wiest dan op it hiem? Stiest njonken de dobbe doe?tst har heardest? Rôp se? Hat se in gjalp jûn? Of stiest by it hjid dehok? Ik soe in mannich planken fêsthuffe. Faaks ha ?k yn ?e steich tusken de droech - loadsen stien. Heardest noch dat se de doar tusken it gonkje en de loads tichtsloech. Of wie dat de miggedoar? As Baef nachts nei ?t hús ke moast,
heardest ek altyd sa?n klets. Ik skrok my bytiden dea. Krekt wit ik it net, mar der sloech wat. En doe dy gjalp. Of wie ik op Stad Niks om iten foar de geit? Hast neat heard. Se wie al kâld doe?tst har fûnst. It triedsjeread, dat har sa sûn troch de wangen floeide, waard al blau, tsjin ?t swarte oan. Do hast it net dien. Do kinst it net dien ha. Do wiest efter yn ?e klyn dolten, yn it fjild. Of dochs net? Wêr wie ik? Hiest earst de plysje warskôgje moat ten. Of by de Brúnsma-jonges
dokter belje. Mar koest net by har wei. En do wiest hjir allinne mei har.?

Ut: De winter komt

?De winter komt? is it ferhaal oer Brand, in man op jierren. As er syn frou dea fynt yn ?e loads, fertizet er yn fragen dy?t er himsels stelt. Wannear?t it net ta antwurden komt, beslút er har yn ?t hiem te bedobjen. En as de feiten in bedriging ­foarmje, sjocht er gjin útkomst.

?Bertegrûn?. In jongfeint fynt it hiem dêr?t er opgroeid is ûnder opspuite lân en dolt in hoale om yn te wenjen. As se syn bousel mei de shovel opromje, wurdt er ­bedobbe yn syn hoale.

?De Sniewinter? giet oer in widner en in keunstneres dy?t yn it tsjerkje fan Teard har atelier hat. Dy winters falle der protten snie en de keunstneres rekket ­ysolearre. De widner soarget foar­ iten. De keunstneres skildert hûs en hokken fan de widner. Har skilderijen wurde bekroand, mar de gemeente lit de hokken opromje. In striid oer keunst en amtlike regels.

JABIK VEENBAAS: ?It wurk fan Van der Ploeg kriget grutte krêft bywannear't er syn haadfigueren ticht op 'e hûd sit. Topwurk levere er ôf mei de novellen Bertegrûn en De winter komt.?

Meer informatie

Pagina's
240 pagina's
Formaat
210 x 140 x 22 mm
Druk
1
Gewicht
334gram
Gewicht
357gram
Taal
Onbekend
Verschijningsdatum
augustus 2020
Verschijningsvorm
Paperback
NUR-code
524
Uitgever
Het Nieuwe Kanaal
Auteur
Durk Van der Ploeg
Formaat
212 x 143 x 25 mm
Taal
O
Verschijningsdatum
15-08-2020
ISBN
9789492457363
Verschijningsjaar
2020
cookie

Deze website maakt gebruik van cookies

Door op "Alles Accepteren" te klikken, gaat u akkoord met het opslaan van cookies op uw apparaat om de navigatie op de site te verbeteren, het gebruik van de site te analyseren en te helpen bij onze marketinginspanningen. Bekijk ons privacybeleid voor meer informatie.